City Train wachtet al mear as seis moanne op tastimming om in boerd op te hingjen

20 maaie 2019 - 09:47

De Ljouwerter City Train wachtet al mear as in heal jier op tastimming fan de gemeente om in fêst ynformaasjeboerd op te hingjen op it Wilhelminaplein. Undernimmer Jelle de Visser wol graach sa'n boerd fêstmeitsje oan wjerskanten fan in lantearnpeal en frege dêrom yn oktober in fergunning oan foar it toeristeseizoen fan 2019. Mear as in heal jier letter is dy fergunning der noch hieltiid net en dat betsjut dat meiwurkers fan de City Train alle dagen slepe moatte mei ferpleatsbere banners.

Daan Postma fan City Train mei it ynformaasjeboerd dat er graach ophingje wol - Foto: Omrop Fryslân

It ûntbrekken fan in fêst ynformaasjeboerd hat grutte neidielen, want op dagen dat de trein net rydt, sjogge toeristen net wêr't begjin- en einpunt fan de City Train is. De banners binne ek kwetsber en geane maklik stikken. Undernimmer Jelle de Visser seit it 'o sa spitich' te finen, dat de gemeente sa lang wurk hat mei in simpele fergunning.

Jelle de Visser fan de CityTrain

"Positive belangstelling"

De City Train ferfierde yn 2018 sa'n 12.000 passazjiers. Dy meitsje in rit troch de binnenstêd en omjouwing fan sa'n 45 minuten en krije ûnderweis in soad ynformaasje oer de skiednis fan Ljouwert. Dy ynformaasje is yn mar leafst fiif talen beskikber, ek yn it Frysk. In bytsje mear 'positieve belangstelling' fan de Ljouwerter polityk soe De Visser dêrom net ferkeard fine. "Foar safier ik wyt, is noch noait in boargemaster of wethâlder meiriden. Dêrom hawwe wy Buma alfêst útnûge."

Goeie foarbylden

De Visser hat ek muoite om te begripen wat it probleem krekt is. "Ik ha ferskate oare City Trains besjoen, lykas dy fan Amersfoort. Dy hawwe allegearre in fêst boerd op it opstapplak, yn guon gefallen sels troch de gemeente betelle. Dat lêste hoecht net om my, mei tastimming soe ik al bliid wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)