Kollum: "Gay"

20 maaie 2019 - 08:28

"Betelle fuotbalklups riede homoseksuele spilers oan om net út de kast te kommen. Dat sei KNVB-foarsitter Michael van Praag freed yn in ynterview mei de Gaykrant. Freed wie it de 'internationale dag tegen homofobie'. Neffens Van Praag is der noch in lange wei te gean as it giet om homoseksualiteit yn de fuotbalwrâld. Mar leau my, dat jildt wier net allinnich foar de fuotbalwrâld.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

By ús thús roppe de bern 'gay!' as se wat stom fine. En dat wylst se twa memmen ha. Dus wy ha se mar útlein wat gay dan eins krekt is en wêrom't wy fine dat se dat wurd net sa brûke moatte. Mar kenlik binne wurden as gay en homo noch altyd skelwurden. Dat is al jierren sa en sille we ek net samar feroarje kinne. Dat slagget allinnich as wy ús bern it goeie foarbyld jouwe.

In pear wike lyn wie der kommoasje fanwege in poster fan datingsite Novamora. Op de poster stiene twa tútsjende froulju. Koe echt net, fûn de SGP. De partij easke dat de posters út de bushokjes helle wurde soenen. No wit ik wol dat dizze partij kwa tinkbylden sa'n hûndert jier werom yn de tiid giet, mar de SGP is net de iennige dy't net sa goed oer tútsjende minsken fan itselde geslacht kin.

Ferline jier waarden posters mei tútsjende manlju fan it merk Suitsupply massaal bekladde mei farve. Minsken fûnen it byld fan twa tútsjende manlju sjokkearjend. Hmmm, tocht ik. Soene se dat ek fine as it in tútsjende man en frou binne. Troch de posters wer fuort te heljen, jouwe wy net it goeie foarbyld oan ús bern. Sterker noch: wy jouwe eins dus ta dat twa tútsjende froulju of manlju net gewoan binne.

Mar der is ek goed nijs. Ferline wike siet ik foar de telefyzje doe't ik de reklame fan Zwitsal seach. Zwitsal hat in nije reklame mei twa heiten. It wrâldferneamde salvemerk is by útstek in bedriuw dat altyd froulju mei in poppe sjen lit. Mar it kiest der no dus bewust foar om twa heiten yn it nije spotsje te setten. Ik smolt doe't ik it seach.

Doe't ik krekt op mysels wenne seach ik alris in advertinsje fan de Rabobank yn 'e krante stean, mei twa froulju dy't harren earste hûs kocht hienen mei in hypoteek fan de Rabo. De iene tilde de oare oer de drompel fan it nije hûs. Ik ha 'm útknipt en dizze foto hat jierren op myn kuolkast hong.

Zwitsal en de Rabobank binne net de iennige grutte merken dy't yn in reklame bewust kieze foar in homoseksueel stel. Nikon - bekend fan de fototastellen - makke fjouwer jier lyn al in reklamefilmke oer twa heiten yn Amearika. Gedurfd, seker yn dat lân. Mar de reaksjes wiene laaiend entûsjast.

Mei oare wurden: der is foarútgong as it giet om de akseptaasje fan homo's. No de fuotbalwrâld noch. Wat soe it moai wêze as al dy homoseksuele fuotballers tagelyk sizze: 'wy binne wa't wy binne en wy wolle der net langer om lige'. Wat my oanbelanget fertsjinje se allegear in poster yn in bushokje. Of better noch: boppe it bêd fan al dy jonkjes en famkes dy't fan fan de klup binne. Mei ien dúdlik boadskip: do meist wêze wa'sto bist."

(advertinsje)
(advertinsje)