Wethâlder Feitsma: "It Songfestival yn Ljouwert is gjin grapke"

20 maaie 2019 - 08:02

Wethâlder Sjoerd Feitsma is tige serieus as it giet om syn útnûging oan de NPO om Ljouwert as plak te kiezen foar it Eurovisie Songfestival takom jier. "It is gjin grapke, dit is hiel serieus", seit Feitsma. "Wy ha al de nedige ûnderfining mei soksoarte fan grutte, ynternasjonale eveneminten." Dêrmei doelt de wethâlder op it Kulturele Haadstêd-barren ôfrûne jier.

Sjoerd Feitsma - Foto: Omrop Fryslân

Fuort nei't bekend waard dat Duncan Laurence sneon it Songfestival wûn hie, makke Feitsma yn in tweet dúdlik dat it festival takom jier fan herte wolkom is yn Ljouwert. "It giet de organisaasje net allinnich om it plak, mar bygelyks ek om de ôfstân ta in fleanfjild en de fraach oft der genôch akkommodaasjes yn de buert binne om te sliepen", leit Feitsma syn útnûging út. "Wy ha earder eveneminten organisearre mei in Europeesk tintsje, dus dêr past dit goed by", fertelt er.

Gearwurking mei de NPO

Yn de jierren '90 waard der ek al oer praat om it Songfestival nei Fryslân te heljen. Dat wie doe in plan fan Arno Brok. "Dy ambysje is noch itselde", seit Feitsma. Ek Rotterdam en Maastricht hawwe harren yntusken oanmeld as kandidaat-organisator. Feitsma ferwachtet dat Ljouwert wol deeglik in kâns makket. "Ferline jier ha wy mei Kulturele Haadstêd in soad gearwurke mei de NPO, dus dy witte wat se fan ús ferwachtsje kinne. Wy litte graach op 'e nij sjen wat wy yn hûs ha. It is no oan de NPO, dy't it beslút nimme moat."

Sjoerd Feitsma oer it Songfestival

(advertinsje)
(advertinsje)