Wurk oan A32 goed slagge: "Wy wiene sels in oere earder klear"

20 maaie 2019 - 07:17

It wurk oan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean is ôfrûne wykein goed ferrûn. De dyk gong moandeitemoarn in oere earder wer iepen as tocht. Ferkear kin yntusken wer gebrûk meitsje fan de dyk. Jelmer de Vries fan Rykswettersteat is tige te sprekken oer de wurksumheden. "It gong as it spoar."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean waard dit wykein ôfsletten om't Rykswettersteat mei it asfalt oan de slach moast. Yn de dyk sieten flinke kûlen, wêrtroch't ferkear hinder ûnderfûn. De measte hobbels en kûlen binne út de dyk helle. Earder waard de oare kant fan de A32 al oanpakt.

De problemen mei de dyk ûntstiene troch in minne fundearring. Dy wurdt yn 2020-2021 oanpakt fertelt De Vries. "Dat is in djoere en yngripende maatregel, fandêr dat we dat letter oanpakke."

In oar ûnderdiel fan it wurk wie it pleatsen fan in stek oan de kant fan de dyk tusken Akkrum en De Deelen. "Dat is in faunaraster, wêrmei't wy de otters oan de goeie kant fan de dyk hâlde wolle", leit De Vries út. "Dat is noch net hielendal klear want se moat ek de kâns krije om oan de goeie kant fan de dyk te kommen en dêrnei sille wy it stek hielendal klear meitsje."

Jelmer de Vries oer it wurk oan de A32

(advertinsje)
(advertinsje)