Skûtsjeskipper Jan Visser út Heech ferstoarn

20 maaie 2019 - 06:23

Skûtsjeskipper Jan Visser út Heech is ôfrûne freed hommels ferstoarn. Dat meldt de webside Skûtsje.nl. De 52-jierrige skipper fan it skûtsje de Zeldenrust trainde tongersdeitejûn noch mei syn bemanning op de Hegemer Mar. Ploechgenoaten en kollega's reagearje ferslein op it nijs fan it ferstjerren fan Visser.

Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Op freed ferstoar ek âld-skûtsjeskipper Frans Klaas Deinum fan De Lemmer, meldt Skûtsje.nl. Deinum wie al langer siik en is 74-jier wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)