Henk de Jong: "Hjirom wol ik hjir graach trainer wurde"

"Dit is moai. It publyk is geweldich en ús eigen publyk fan De Graafschap is ek geweldich. Dat makket de wedstriid", sei trainer fan De Graafschap Henk de Jong sneintejûn nei de earste wedstriid yn de twadde ronde fan de play-offs. De Jong is sûnt 2017 trainer fan De Graafschap, mar takom seizoen sil er werom nei de Ljouwerters.
Henk de Jong
Oer de wedstriid fan snein wie er ridlik tefreden: "We besykje konstant druk te setten, mar dan joust efteryn ek romte wei. Cambuur spile dêr goed op yn. Wy hiene sels ek bêste kânsen, mar der stiet in aardige keeper yn de goal", ferwiist er nei Xavier Mous.
Nettsjinsteande dat Cambuur mei in man minder spile en De Graafschap mear balbesit hie, profitearre de ploech fan De Jong dêr net fan. "We binne safolle balbesit net wend. We ha it hiele jier oerlibbe en moatte no it spul meitsje. As we dy penalty der wol ynsjitte, wurdt it miskien wol 1-4."

'Gjin ûndersyk nei stillizzen wedstriid'

Nei it smiten mei bier moat de KNVB gjin ûndersyk dwaan, fynt De Jong. "Dit is dochs moai? It mei net elke wike, mar dit binne twa fanatike klups tsjininoar. Dat fyn ik prachtich."
© www.orange-pictures.nl
Hy hat dan ek bot sin oan de wedstriid fan woansdei. Dan spylje de klups op 'e nij tsjin elkoar. De winner fan de twastriid spilet yn de finale fan de play-offs tsjin TOP Oss of Sparta. "We ha in goeie útgongsposysje foar woansdei. As Real Madrid, Valencia of Barcelona út 1-1 spylje, dan stekke se de flage út. En wy gean yn de rou. Dus ik ha krekt sein: 'We moatte oars tinke.' Wy binne net de wrâldtop, we binne gewoan De Graafschap."
It kin noch alle kanten op, neffens De Jong. "It is noch lang net klear. Cambuur is stuch. Se steane goed. Se ha it goed foar elkoar mei goeie fuotballers en goeie snelheid. We sille it woansdei sjen."