Xavier Mous nei lykspul tsjin De Graafschap: "Wij zijn de morele winnaar"

19 maaie 2019 - 23:47

Xavier Mous wie de absolute man fan de wedstriid by Sportklup Cambuur yn de thúswedstriid tsjin De Graafschap. De doelman pakte in pear geweldige ballen, wêrûnder in strafskop, en holp syn ploech dêrmei oan in lykspul: 1-1. "Gezien de omstandigheden ben ik er tevreden mee", seit er, ferwizend nei ûnder oare in reade kaart foar Emmanuel Mbende. "Wij zijn de morele winnaar."

"Dit was een pittig wedstrijdje, ik ben helemaal kapot." Mous moat nei de wedstriid noch even útblaze. "Ik heb een paar lekkere ballen tegengehouden, die waren heel belangrijk."

In helte lang spile Cambuur mei in man minder, nei't Mbende krekt nei it skoft read krige. Dochs bleaunen de Ljouwerters oerein. "Of we nou met 11 of 10 man staan, we steken er ontzettend veel energie in", sei Mous. "Als we voor elkaar vechten, kunnen we een heel end komen. Dat is een goede basis voor woensdag."

Koart nei de reade kaart foar Mbende krige De Graafschap ek noch in strafskop. Mous pakte de poging fan Fabian Serrarens. "Ik had hem niet van tevoren bestudeerd. Deze was op gevoel."

Mbende net iens mei read

Mbende is teloarsteld oer syn reade kaart: "Ik foel op myn rêch en de tsjinstanner rûn tsjin myn fuotten oan, wêrtroch't hy ek foel. Dat wie net mei opsetsin. Ik begryp net dat yn sa'n belangrike wedstriid, en mei alle kamera's dy't tsjintwurdich yn in stadion hingje, de skiedsrjochter sa'n beslissing makket. En gjinien dy't der tsjinyn giet. Hiel nuver."

Nettsjinsteande de reade kaart hopet Mbende der woansdei yn Doetinchem dochs by te wêzen yn de weromwedstriid. "Foar my wie dit gjin reade kaart, dus we dogge der as klup alles oan om derfoar te soargjen dat ik der woansdei al by bin en spylje mei. Ik wit seker dat dit net myn lêste wedstriid foar Cambuur wie."

"Veel dreiging, veel veerkracht en veel energie", omskriuwt trainer René Hake de earste helte fan de wedstriid. "We hadden na vijf minuten al op achterstand kunnen staan, maar nemen het initiatief over en weten de wedstrijd te kantelen. We waren gevaarlijk, maar ook naïef. Ik heb nog niet alles op een rijtje van wat er deze wedstrijd is gebeurd."

Hake begrypt de frustraasje fan Mbende oer de reade kaart. "Eigenlijk had er voor een overtreding op Mbende gefloten moeten worden. Hij viel en Serrarens liep achteruit tegen zijn voeten aan, waarna hij ook viel. Ik vind het onschuldig lijken. Als je daarvoor rood moet geven, dan weet ik het ook niet meer. We gaan in beroep, zodat hij hopelijk woensdag alsnog kan meespelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)