Tjisse Steenstra oer winst yn Sint-Anne: "It kin net better"

19 maaie 2019 - 22:06

"It kin net better!", sei Tjisse Steenstra snein neidat hy tegearre mei syn maten Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra ek de tredde frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Van Zwieten, tsjinstanner yn de finale, gong ek tefreden nei hûs: "We ha lekker keatst. Oan ús nivo lei it net."

Yn de finale stiene Van der Bos en dy tsjinoer it partoer fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra, dy't dochs ek hiel tefreden wiene mei de wedstriid en harren twadde priis. "We ha lekker keatst, we ha deeglik keatst. Twa omlopen mei 5-2 wûn en dan dogge je it gewoan goed", sei Van Zwieten.

Van Zwieten en syn maten lieten har snein net samar út it fjild slaan en kamen oant 5-4 werom yn de finale. "We ha ús eigen spultsje spile. Je hoopje dat sy wat flaters meitsje en dat je sels net in soad fuort jouwe. Dêrtroch kamen we ta fjouwer earsten, mar we lutsen krekt net oan de langste ein."

Hoe't it kin dat partoer Van der Bos oan it begjin fan dit keatsseizoen net te kloppen is? "Net in protte fouten en we keatse goed mei syn trijen", sei Tjisse Steenstra. "Yn de finale wie ik wat minder, mar dat pakke we mei syn trijen goed op en dan rinne we der dochs wer oerhinne." Selskritysk wêze fynt er belangryk. "Je moatte de fouten derút helje en better wurde."

"We traine gewoan hurd"

"Om alle trije frijformaasjewedstriden te winnen is hiel moai, fantastysk. It kin net better. Mar we traine der ek gewoan hurd foar en begjinne al in jannewaris, dan ha je al in foarsprong op de rest. It komt ús net oanwaaien."

Van Zwieten is it dêrmei iens: "It binne gewoan jonges dy't keatse. Je hoege se net te oanbidden. Mar se meitsje hast gjin flaters." Hoe't je se dan dochs ferslaan kinne? "Net bang wêze. Je moatte deryn leauwe."

(advertinsje)
(advertinsje)