Tsien Cambuurspilers bliuwe thús oerein tsjin De Graafschap: 1-1

19 maaie 2019 - 21:55

Sportklup Cambuur hat yn de earste wedstriid tsjin De Graafschap yn de twadde ronde fan de play-offs lyk spile: it waard 1-1 yn it Cambuurstadion. Ald-Cambuurspiler Narsingh soarge nei in healoere foar de 0-1, direkt dêrnei makke Maulun lyk. Nei it skoft moast Cambuur fierder nei read foar Mbende. Mous kearde noch in strafskop fan Serrarens.

De earste grutte kânsen wiene foar De Graafschap. Nabil Bahoui kopte yn de fiifde minút de bal troch nei in fiere úttraap fan Nigel Bertrams. Dêrtroch kaam Furdjel Narsingh ien op ien mei Cambuurdoelman Xavier Mous. Fia Mous bedarre de bal yn it sydnet. Ut de corner dy't dêrop folge rêde Mous op in kopbal fan Javier Vet.

Nei in lyts kertier joecheide it Cambuurstadion foar it earst. Nigel Robertha skeat raak, mar dat die er út bûtenspulposysje wei. Oan de oare kant fan it fjild skeat Bahoui in frije traap in pear sintimeter njonken it doel fan Mous.

Twa goals

De wedstriid wie direkt al lekker los: allinnich de goals ûntbrutsen noch. Dy foelen yn it lêste kertier fan de earste helte. Mei in knap baltsje sette Youssef el Jebli âld-Cambuurspiler Narsingh frij foar Mous. Diskear skoarde Narsingh wol: 0-1.

Cambuur wie net fan slach. Krektoarsom: Robin Maulun soarge twa minuten letter al foar de lykmakker. Mei in skot fan bûten it strafskopgebiet passearre er Bertrams yn de fiere hoeke.

Foto: www.orange-pictures.nl

Flak foar it skoft stie der alwer in spiler fan De Graafschap each yn each mei Mous. Azor Matusiwa krige de bal mei in gelokje mei en skeat de bal rjocht op Mous ôf, dy't út syn goal kaam wie.

Foto: www.orange-pictures.nl

Al gau nei it skoft krige Cambuur in swiere teloarstelling te ferwurkjen. Emmanuel Mbende makke in oertreding op Fabian Serrarens: yn de eagen fan skiedsrjochter Jeroen Manschot swier genôch foar in reade kaart. Mei in man mear sette De Graafschap direkt druk op Ljouwerters. Mous rêde de Ljouwerters kear op kear: earst in knappe refleks op in skot fan Bahoui en even letter hold er in skot fan Narsingh tsjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)