Ljouwert-Fryslân stelt him offisjeel kandidaat foar Eurovisie Songfestival

19 maaie 2019 - 20:58

De gemeente Ljouwert stelt him offisjeel kandidaat foar de organisaasje foar it Eurovisie Songfestival fan takom jier. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en de Ljouwerter boargemaster Ferd Crone ha dat witte litten yn in brief oan NPO-bestjoersfoarsitter Shula Rijxman.

Foto: ANP

Yn de brief helje Brok en Crone it sukses fan Kulturele Haadstêd LF2018 oan. "Die titel kwam niet uit de lucht vallen", stiet yn de brief. "Onder de noemer Iepen Mienskip (Open Community) heeft Leeuwarden-Fryslân in aanloop naar en tijdens 2018 een breed cultureel, sociaal-maatschappelijk en economisch programma neergezet waar iedereen in Fryslân en ver daar omheen aan mee kon doen. Dit programma, dat in 2017 werd gelanceerd onder de themalijnen 'dare to dream', 'dare to act' en 'dare to be different', wordt de komende jaren voortgezet."

'Dare to dream'

'Dare to dream' wie ek it boadskip fan it Eurovisie Songfestival dit jier yn Tel Aviv, dat wûn waard troch de Nederlanner Duncan Laurence. Is dat tafal, freegje Brok en Crone harren ôf.

Fryslân en Ljouwert ha ûnderfining mei resinte grutte eveneminten. Yn de brief steane foarbylden fan de Reuzen fan Royal de Luxe, De Stormruiter en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden, dy't er dit jier nochris dwaan sil.

De NPO wie belutsen by dy produksjes. Ek de ûnderfining dy't Ljouwert en Fryslân opdien ha mei Serious Request (2013) en The Passion (2017) spylje mei. Dat hat ek ta tefredenheid laat by it produksjeteam fan de NPO, stiet yn de brief.

Alles yn hûs

"We zijn ervan overtuigd dat Leeuwarden en Fryslân alles in huis hebben om dit internationale topevenement te herbergen en tot een klinkend succes te maken", skriuwe Brok en Crone. "Met het WTC Expo beschikt Leeuwarden over een accommodatie die meerdere weken achtereen ter beschikking kan staan aan de productie van het evenement. Binnen een straal van zo'n 100 kilometer bevinden zich drie vliegvelden: Eelde, Lelystad en Schiphol."

De organisaasje biedt oan om op koarte termyn mei in folweardich 'bidbook' te kommen, mei dêryn mooglike lokaasjes, akkommodaasjes, ferfiersmodaliteiten, in ferkenning foar in begrutting. "En, wellicht het belangrijkste, een enorme drive om met de Friese Mienskip van dit topevenement, evenals in 2018, een internationaal succes te maken."

(advertinsje)
(advertinsje)