Reza Ghoochannejhad besoarget syn klup Australyske lânstitel

19 maaie 2019 - 20:33

De Iranees-Ljouwerter fuotballer Reza Ghoochannejhad hat syn klup Sydney FC de lânstitel fan Australië besoarge. Yn de finale fan de A-League tsjin Perth skeat Ghoochannejhad de beslissende strafskop binnen.

Foto: ANP

Yn de Australyske kompetysje spylje de klups nei de reguliere kompetysje yn de play-offs om de lânstitel. Snein wie de finale fan de play-offs. Nei 120 minuten stie it noch 0-0 en dêrom moast in rige strafskoppen útslútsel bringe.

Ghoochannejhad wie as fjirde spiler fan Sydney oan bar yn de strafskoppesearje. Syn trije ploechgenoaten hiene allegear skoard, wylst Perth al twa kear mist hie.

"Ik kan dit gevoel niet omschrijven", sei de âld-spiler fan SC Hearrenfean en SC Cambuur nei ôfrin op de webside fan de A-League. Sydney hiert de Ljouwerter fan APOEL út Syprus. "Ik ben hier in januari gekomen en ik wist niet wat ik kon verwachten. Maar de jongens hebben me goed verwelkomd. Ik had wel wat tijd nodig om me aan te passen aan de speelstijl."

"We hadden maar een doel: de finale halen en de finale winnen. Iedereen heeft vandaag z'n best gedaan, iedereen heeft zo hard gewerkt om zo ver te komen."

Net senuweftich

Ghoochannejhad wie pas yn de blessueretiid ynfallen. "Het is altijd lastig om te wachten, maar ik heb zoveel vertrouwen in m'n ploeggenoten. En als het eenmaal op strafschoppen aankomt, dan kan alles gebeuren. Het is een loterij." Senuweftich wie Ghoochannejhad net: "Ik dacht gewoon: het komt zoals het komt."

(advertinsje)
(advertinsje)