Brân yn stâl Appelskea gau ûnder kontrôle

Der hat sneintejûn brân west yn in stâl oan de Nieuwe Vaart yn Appelskea. De brânwacht hie opskaald nei middelbrân, omdat se by brannen yn stâlen faak in protte manskippen nedich ha.
© De Vries Media
De bisten binne út de stâl, meldt de brânwacht. Doe't de brânwacht teplak wie, wie de brân al gau ûnder kontrôle. De brân wie minder grut as ferwachte.
Foar't de brânwacht oproppen wie, hat in omstanner besocht de brân út te meitsjen. Dy hie dêrby reek ynazeme en wurdt dêrom neisjoen troch ambulânsepersoniel.