"Lang net alle kontenerrommel wurdt weromfûn"

20 maaie 2019 - 06:05

In diel fan de ynhâld fan de konteners fan de MSC Zoe dy't yn de see bedarre binne, wurdt nea weromfûn. Dat foarseit ûndersiker Frank Kleissen fan kennisynstitút Deltares.

Foto: Kustwacht Nederland

Kleissen docht al lange tiid ûndersyk nei de wize wêrop't ôffalstreamen har yn seewetter hâlde. Kleissen hat ûnder oare ûndersyk dien nei it effekt fan oaljeskermen yn de Grutte Oseaan. Ek hat er belutsen west by it skjinmeitsjen fan de kustline by Rio de Janeiro yn Brazilië, yn ferbân mei de wettersporten by de Olympyske Spelen fan 2016 dêr.

It enoarme ferskaat oan produkten dy't by it ynsidint fan jannewaris yn see telâne kaam binne, makket it dreech om se allegear op te spoaren. "Al die spullen gedragen zich anders", seit Kleissen. "Sommige materialen blijven op bodem liggen, omdat ze heel zwaar zijn. Andere materialen zijn wat dichtheid betreft net zo zwaar als het water. Ze hebben de neiging om te blijven drijven of in elk geval in de waterkolom terecht te komen."

Fuortdriuwe

Mei as gefolch dat in diel fan de ynhâld yn koarte tiid hiel fier fuort driuwe kin. "De containers zelf zakken niet per se als baksteen naar beneden", leit Kleissen út. "Die dingen zijn niet waterdicht, dus er stroomt sowieso water naar binnen. Hoeveel dat is, hangt af van de lading. Er zijn geheid containers bij die langzaam zijn volgelopen en die kunnen alle kanten op gewandeld zijn; ze zijn heel lastig terug te vinden."

Kleissen is derfan oertsjûge dat in diel fan de konteners hiel fier fuortdreaun is. "Als de lading maar een heel klein beetje zwaarder is dan water, dan kan het heel lang duren voordat zo'n container op bodem terecht komt. Die zwerft rond onder water en kan ver komen. Zelfs in een halve dag, ben je al snel een paar kilometer verder."

Under it sân

Hy skat yn dat in lyts diel fan de konteners nea mear of earst oer jierren weromfûn wurdt. "Als ze in een gebied terechtkomen waar de bodem zich heel dynamisch gedraagt, dan bestaat de kans dat ze in de loop van de tijd begraven worden onder het zand. Vooral in de buurt van de wadden is dat heel goed mogelijk."

In protte konteners binne iepenbarst. De losse ynhâld is yn see bedarre. In diel dêrfan kin mei tafal oer in hiel lange tiid dochs noch boppe wetter komme.

Foto: Havariekommando

"Door de stromingen kunnen spullen in één gebied op de bodem terechtkomen en vervolgens in het sediment begraven worden", seit Kleissen. "Dat kan zeker in combinatie met het dynamische karakter van het waddengebied, dat altijd in beweging is met onder meer wandelende geulen. Als er dan een fikse storm overheen komt, kan de boel open worden gewoeld en weer vrijkomen in het water."

Dat soe net de earste kear wêze: "Bij de olieramp in de Mexicaanse Golf dacht men ook op een gegeven moment dat het klaar was. Totdat er door een orkaan opeens weer olie naar boven kwam."

Modellen net brûkt

Der binne modellen wêrmei't berekkene wurde kind hie wat oft er mei it guod út de oerboard fallen konteners bard is. "Ze worden gebruikt om uit te rekenen waar stromen afval naar toe gaan, maar worden ook ingezet bij dreigende hoog water", neffens Kleissen.

Dochs binne dy modellen by it ynsidint mei de MSC Zoe net brûkt. "Bij een olieramp in dit gebied zou dat wel gebeurd zijn. Dat het hiervoor niet is ingezet, komt doordat pas in heel laat stadium duidelijk werd dat er een grote hoeveelheid containers over boord was geslagen. Daar komt bij dat men niet wist wat er in de containers zat. Dan wordt het lastig om de juiste gegevens in die modellen in te voeren."

Neffens Kleissen is der noch hieltyd gjin eksakte ynformaasje oer de materialen dy't troch de ramp mei de MSC Zoe yn it wetter bedarre binne. Der is net in protte bewarre bleaun.

It grutste diel fan de sammele materialen is nei de ôffalferwurking gien sûnder se earst te analysearjen. "Dat is zonde", seit Kleissen. "Want juist die data hebben wij bij Deltares en andere wetenschappers nodig voor de modellen. Dat zou heel erg helpen bij nieuwe incidenten met afval in datzelfde waddengebied. Er is nog steeds geen goed beeld en we vrezen dat dit er ook niet meer komt."

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)