Earste bijemerk yn Olterterp lûkt in soad belangstelling

19 maaie 2019 - 19:34

De earste bijemerk yn Olterterp luts snein hûnderten belangstellenden nei de tún fan It Fryske Gea. It evenemint wie yn in pear wike tiid op poaten set troch de Sweachster 'bijebrigade' fanwegen de World B-day.

Op 'e Sweach rinne sûnt de ôfrûne hjerst ferskate projekten om it doarp oantrekliker te meitsjen foar bijen en oare ynsekten. Op de bijemerk wiene gjin bijen te keap, mar wol in soad oare saken dy't je tún oantrekliker meitsje kin foar bijen, lykas ynsektehotels, sied foar wylde blommen en ek blommen dêr't bijen graach op ôfkomme.

Diske fan de bijebrigade op de earste bijemerk yn Olterterp - Foto: Omrop Fryslân

"De mensen in het dorp zijn er echt mee bezig", seit túnûntwerpster Nienke Plantinga. Yn har boek 'Natuurlijk tuinieren' jout se minsken it advys om foaral net te folle yn de tún te dwaan. Om bijen te lûken kinne je it gers better wat langer groeie litte en ek hynsteblommen de romte jaan. "Bij een superstrakke tuin met kortgemaaid gras vliegt de bij aan je voorbij. Het is misschien een omslag van denken, maar het is wel waar. Je doet snel te veel in je tuin."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It Fryske Gea lit de natuer yn 'e eigen tún safolle mooglik syn gong gean. Bûten de kuierpaden is it gers lang en tilt it op fan de wylde blommen. Yn de fivers binne kikkerts dwaande mei in lûd konsert. It eksperimint foar de bijemerk is neffens de bijebrigade tige slagge. Moandeitejûn geane de aktiviteiten fierder yn de foarm fan de World B-night yn doarpshûs Buorskip. Leafhawwers wurdt frege om safolle mooglik op de fyts te kommen.

Harkje nei Nienke Plantinga

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Trefwurden: 
bijen bijemerk world B-day
(advertinsje)