Songfestival yn Fryslân? "Dat bart net, it wurdt Amsterdam"

Douwe Gerlof Heeringa wie der live by doe't Duncan Laurence yn Tel Aviv foar Nederlân it Songfestival wûn. Dêrnei begûn it spekulearjen: yn hokker plak organisearret Nederlân de edysje fan takom jier? Neffens Heeringa yn alle gefallen net yn Fryslân: "It wurdt Amsterdam."
© ANP
Doe't Heeringa nei it feest werom rûn nei de taksys, rekke er yn petear mei de baas fan de NPO oer it plak fan takom jier. Neffens Heeringa soe de Arena yn Amsterdam in goed plak wêze. Dat hat mei de kapasiteit te krijen: "Want der koene hjir yn Israel mar 3.500 minsken yn. Dêrtroch wiene de tagongsprizen hiel djoer. As we it yn Nederlân tagonkliker meitsje wolle, dan moat it yn de Arena. Dat foarstel foel ek goed by de NPO-baas."
Heeringa en de NPO-ôffeardiging hawwe gegevens útwiksele. Neffens Heeringa moat der goed pland wurde: "It is yn Amsterdam altyd sa drok. It Songfestival is dé kâns om dy drokte te sprieden en om ek oare kanten fan Nederlân te beljochtsjen."
Moandei begjint de planning foar it takom Songfestival al, wit Heeringa. "De NPO hat om 9.00 oere in gearkomste. Ik stjoer se wat gegevens op oer toerisme."
Heeringa seach ek noch even werom op de spannende sneontejûn. "Hoe einiget de jûn? Dat wie in hiel bysûndere spanning", seit er. "Normaal hat Nederlân net in ferske dat it hiel goed docht by de televoting. Dat gefoel hie ik by Arcade, it nûmer fan Duncan Laurence, ek."
Ik tocht: o, dit komt net goed.
Douwe Gerlof Heeringa nei de punteferdieling fan de faksjuery
En dus wie it optimisme nei de faksjuery in bytsje minder, want nei de punteferdieling fan de faksjuery stie Laurence net boppe-oan. "Dêr sil noch wolris oer neipraat wurde", tinkt Heeringa. "In protte lannen stimme noch hieltyd polityk. Ik tocht: o, dit komt net goed. Mar mei de televoting skoarde Sweden bêst min en dat pakte goed foar ús út."
En doe kaam de ûntlading: "Net te leauwen, noch hieltyd net. Hoe jouwe we dit in plakje? Nei de oerwinning die Duncan Laurence nochris it optreden op it haadpoadium. Je sjogge dat wol, mar je witte net oft it ek wier is. Dat moat de kommende dagen yndale."
Douwe Gerlof Heeringa sjocht werom