LDODK bliuwt winnen yn fjildkompetysje, haadklassers ferlieze

19 maaie 2019 - 18:00

De kuorballers fan LDODK bliuwe winnen yn it fjildseizoen. Snein wûn de ploech fan Henk-Jan Mulder mei 21-17 op besite by Blau-Wyt út Amsterdam.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Mei de winst bliuwt LDODK dik op kop yn de Eareklasse A. De Gordyksters binne, mei noch twa wedstriden te spyljen, al wis fan de krúsfinalen.

Oan de krúsfinalen dogge de bêste twa fan de Eareklasse A en fan de Eareklasse B mei. Wa't de tsjinstanner fan LDODK wurdt yn de krúsfinale, is noch net bekend. Earst spylje de Gordyksters noch twa reguliere kompetysjewedstriden: thús tsjin DOS'46 en út tsjin Fortuna.

Haadklassers ferlieze

Ien nivo leger, yn de Haadklasse A, ferlearen beide Fryske ploegen. Mid-Fryslân gie ferrassend mei 17-15 ûnderút by OVVO út Maarssen en SCO rêde it net op tsjin Groen Geel út Wormer: 23-16.

Mei noch trije wedstriden te spyljen stiet Mid-Fryslân op it fjirde plak mei 12 punten. SCO stiet ien plak leger mei 8 punten.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)