Piet warskôget: "Sneintejûn pittige buien, mei mooglik tonger en hagel"

19 maaie 2019 - 17:46

We moatte sneintejûn yn ús provinsje rekken hâlde mei pittige buien, seit waarman Piet Paulusma. Ut Dútslân wei komme de buien ús kant op. "It suden fan Nederlân hat se al en de buien komme no stadichoan ús kant op. Jûn noch komme se oer."

Tonger boppe Oerterp (argyf) - Foto: Willy Wilpstra

"Op it stuit komme de buien Grinslân binnen", seit Paulusma. "Om in oere as 19.00 of 20.00 binne se yn Fryslân. It binne pittige buien. Der kin tonger en hagel yn sitte, mei bytiden min sicht."

"It duorret ek noch wol even, want yn it waadgebiet ha we fannacht noch wat pittige buien."

Mear oer it waar fynst op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)
(advertinsje)