Wer problemen mei brêge Skûlenboarch: dy woe net ticht
De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch hat snein wer ôfsletten west foar autoferkear. Der wie in steuring en dêrom woe de brêge net ticht. Rykswettersteat omskriuwt it as in 'déjà-vumomint', want earder dizze moanne wie de brêge om deselde reden ek ticht.
Begjin maaie wiene der faker as ien kear steuringen. Dêrtroch koe de brêge net hielendal ticht. Begjin dizze wike liken de problemen oplost, mar dat is dus net sa. Ferkear moat gauris oant wol fiif kilometer omride of -fytse.
In monteur fan Rykswettersteat hat de brêge wer makke. It probleem siet 'm yn it draaimeganisme. It autoferkear moast omride. De skipfeart hie gjin lêst fan de steuring.