René Hooghiemster solo oer de streek yn Omloop der Kempen

19 maaie 2019 - 17:06

Hurdfytser René Hooghiemster fan Snits hat snein de Omloop der Kempen wûn. Yn it Brabânske Veldhoven kaam Hooghiemster nei 186 kilometer solo oer de streek yn de wedstriid yn de Topcompetitie.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hooghiemster siet yn in kopgroep fan sân fytsers, dy't sawat in minút foarsprong pakten op it peloton. Letter sleaten 21 oare fytsers har oan. De grutte groep wreide de foarsprong op it peloton út.

De gearwurking wie lykwols net goed yn de grutte groep. Dêrop besleaten Hooghiemster en Jeroen Meijers om fuort te springen. Sy bleaunen út de hannen fan de efterfolgers. Fiif kilometer foar de streek demarearre Hooghiemster en liet dêrmei liet er Meijers efter him. It tredde plak ek foar in Fries: Wim Stroetinga.

Hooghiemster besoarge syn ploech Alecto de earste oerwinning sûnt it ferstjerren fan Robbert de Greef, dy't ek foar Alecto fytste. Hy krige begjin april in hertoanfal by in wedstriid yn Seelân. Ein april stoar de âld-ploechmaat fan Hooghiemster.

(advertinsje)