Van der Bos en dy bliuwe winnen: no de sterksten yn Sint-Anne

19 maaie 2019 - 16:37

De tredde frijeformaasjepartij fan it seizoen is, krekt as de earste twa, in proai foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Yn de finale fan Sint-Anne wiene se mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

Taeke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

De start fan de finale wie foar it partoer fan Van der Bos. Sy kamen op 2-0. Yn it tredde earst kaam Van Zwieten mei 6-2 foar. Doe moast Van der Bos risiko nimme mei syn opslach: dy wie in goede meter foar en dus kamen Van Zwieten en dy werom. In earst letter wie it sels 2-2.

Mei in goede opslach op 6-4 besoarge Van der Bos syn partoer wer in foarsprong. It bleau lykop gean, want Van der Schoot sloech de opslach fan Steenstra boppe op 6-4. In earst letter die Steenstra it sels: mei in boppeslach kaam syn partoer op 4-3. Doe kaam it spannendste earst fan de finale. Op 6-6 moast Van Zwieten risiko nimme. Hy pleatste de bal foaryn, mar Triemstra sloech de bal fleanend boppe. Sa naam dat partoer in foarsprong fan twa buordsjes: 5-3.

Van Zwieten en dy woene net fan opjaan witte. Sy kamen werom oant 5-4, nei in bûtenslach van Van der Bos op 6-2. In earst letter wie it dochs dien: op 5-4 en 6-2 miste Van Zwieten it perk.

Taeke Triemstra waard útroppen ta kening.

Muoiteleas nei finale

De finale wie de iennige spannende wedstriid dy't Van der Bos en dy snein spilen. Yn de earste omloop stiene se mar ien buordsje ta oan Jelte Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, ferline wike noch ferliezend finalist yn Stiens.

In omloop letter waard it 5-2 6-6 tsjin Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra, dy't yn de earste frijeformaasjewedstriid fan it jier yn de finale ferlearen fan van der Bos en dy.

Yn de heale finale wûn it partoer fan Van der Bos muoitelas fan Johannes van der Veen, Sip-Jaap Bos en Klaas Pier Folkertsma: 5-0 6-0.

Van Zwieten fia Piersma en Attema

De rûte nei de finale fan Van Zwieten en dy ferrûn fia ûnder oare Haije Jan Nicolay, Pier Piersma en Evert Pieter Tolsma. Sy waarden yn de earste omloop oan de kant set mei 5-2 6-2.

In omloop letter wie it partoer fan Van Zwieten mei 5-2 6-0 te sterk foar Jelle Attema, Gabe Jan van Popta en Patrick Scheepstra. Dêrmei wiene Van Zwieten en dy ek lyk wis fan de finale, om't se yn de heale finale in steand nûmer hiene.

Yn de finale wiene Van der Bos en dy dus te sterk, mar it finaleplak betsjutte wol dat Van Zwieten en dy foar it earst dit seizoen in priis pakke.

(advertinsje)
(advertinsje)