Spoarboekje: folgje SC Cambuur - De Graafschap by Omrop Fryslân

SC Cambuur kin sneintejûn op 'e nij in grutte stap sette rjochting promoasje nei de earedifyzje. Om 20.00 oere wurdt der ôftrape yn de twadde ronde fan de play-offs tsjin De Graafschap. In ekstra spesjale wedstriid, om't Henk de Jong en Sandor van der Heide dêr coach binne. Omrop Fryslân is derby.
© www.orange-pictures.nl
We sjogge foarút op de wedstriid. Cambuurwatchers Andor Faber en Geert van Tuinen ha mei Martijn Barto in gast dy't sawol Cambuur as De Jong en Van der Heide hiel goed ken.
Foarútsjen Cambuur De Graafschap
Fan 19.30 oere ôf dogge Faber en Van Tuinen live ferslach op Omrop Fryslân yn in ekstra radioútstjoering. De wedstriid begjint in healoere dêrnei, om 20.00 oere dus.
Direkt nei de wedstriid stiet it wedstriidferslach op Omropfryslân.nl en yn de Omrop-app. Letter op de jûn steane dêr ek de reaksjes fan trainer René Hake en Cambuurspilers.