UPDATE: Ungelok op A6 by De Lemmer, dyk wer iepen

19 maaie 2019 - 15:40

Fanwegen in ferkearsûngelok by De Lemmer wie de A6 dêr yn noardlike rjochting ôfsletten. In auto wie op de sydkant bedarre. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik.

Foto: Richard de Boer / ProNews

De traumahelikopter is op de sneldyk lâne en dêrom wie dy ticht. It is noch net dúdlik hoefolle minsken oft yn de auto sieten. Ien ynsittende soe mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wêze.

Trefwurden: 
De Lemmer A6 ferkearsûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)