Fenna Feenstra wol in sosjaler en transparanter Europa

19 maaie 2019 - 14:06

SP'er Fenna Feenstra út Hoarnstersweach fynt dat it ynstitút Europa folle sosjaler en transparanter wurde moat. Europa moat wer fan de boarger makke wurde en net in ding fan de Europeeske elite wêze. De kandidate foar it Europarlemint sei dat snein yn Buro de Vries, it achtergrûnprogramma fan Omrop Fryslân op de radio.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Feenstra is de EU fierstente fier fan de basis ôf komme te stean. Europa wie eartiids bedoeld as in 'hannelsuny', mar yntusken is it folle mear en wurdt der tefolle fan de basisprinsipen ôfwykt, seit se.

It sosjale hânfêst soe neffens har wer folge wurde moatte. Bygelyks de minimumleanen yn Europa soene wer omheech moatte. Dat is neffens har ek foar Fryslân fan belang. Hjir binne de leanen leger as yn de Rânestêd.

Neffens Feenstra en de SP moat der minder macht yn Brussel komme, want dy moat just werom nei de minsken, de boargers, mei mear ynspraak op saken dy't harren oangean. Der moatte in oantal weefflaters út it systeem helle wurde om in sûn Europa te krijen, bepleitet Feenstra.

Tongersdei 23 maaie binne de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Feenstra is de nûmer 5 op de kandidatelist foar de SP.

Fenna Feenstra fan de SP oer Europa

(Advertinsje)
(Advertinsje)