Jan Huitema fiert aksje mei boeren as reaksje op besetting bargehâlderij Boxtel

19 maaie 2019 - 13:29

De Fryske Europarlemintariër en boer Jan Huitema fan de VVD docht snein yn de kop fan Oerisel mei oan in aksje fan boeren. It is in reaksje op de besetting troch goed hûndert minsken fan in bargehâlderij yn Boxtel, ôfrûne moandei. De boeren wolle de diere-aktivisten dúdlik meitsje dat de besetting net troch de bûgel kin.

Foto: Jan Huitema

"Wy woenen graach in stil ferset, dat dit net sa kin", seit Huitema. "Net ien hat it moreel rjocht om samar by ien op it hiem te kommen." By de stille aksje binne boeren út hiel Nederlân belutsen. Mei 111 trekkers wolle se yn in stik lân de wurden 'doe es normaal' foarmje.

Foto: Jan Huitema

Neffens Huitema hat elkenien de frijheid om syn miening te jaan. "Mar je kinne net samar in yndividuele ûndernimmer of persoan der ferantwurdlik foar hâlde. Just yn Nederlân dogge de boeren it hartstikke goed. Ik fyn it hiel belangryk dat we just foar de minsken dy't keihurd wurkje foar Nederlân, respekt ha."

Europarlemintariër en boer Jan Huitema fan de VVD

(advertinsje)