SC Cambuur makket him op foar duel tsjin De Graafschap

SC Cambuur spilet sneintejûn om acht oere tsjin De Graafschap yn de play-offs foar promoasje en degradaasje yn de earedifyzje. Dizze earste wedstriid is foar de Ljouwerters yn it eigen stadion. Cambuur is optimistysk oer de konfrontaasje, ek al is neffens trainer René Hake De Graafschap licht favoryt yn de twastriid.
© www.orangepictures.nl
De trainers Henk de Jong en Sandor van der Heide steane no noch lâns de line by De Graafschap, mar binne it folgjend seizoen wer yn tsjinst fan Cambuur. De oare play-off-wedstriden binne fan Excelsior dy't by RKC Waalwijk op besite giet, Go Ahead Eagles tsjin FC Den Bosch en Top Oss tsjin Sparta Rotterdam.
Kommende woansdei binne de return-wedstriden.
Cambuur-De Graafschap is sneintejûn live te folgjen by Omrop Fryslân Radio mei de ferslachjouwers Andor Faber en Geert van Tuinen.