Wethâlder hjit Eurovisie Songfestival wolkom yn Ljouwert

19 maaie 2019 - 09:04

Wethâlder Sjoerd Feitsma biedt Ljouwert oan as lokaasje foar it folgjende Eurovisie Songfestival. Yn in tweet oan Duncan Laurence lokwinsket hy de sjonger mei syn geweldige prestaasje. Mei it ferske Arcade wûn Duncan sneontenacht it sjongfestival yn Israel en dêrmei wie it foar it earst yn 44 jier dat Nederlân mei de winst nei hûs gong.

Foto: ANP

Takom jier mei Nederlân dus it Eurovisie Songfestival organisearje. It plak is noch net bekend. Feitsma skriuwt yn syn Twitterberjocht yn it Ingelsk dat Ljouwert yn 2018 sjen litten hat dat 'we doare te dreamen, te dwaan en oars te wêzen'. Dêrmei ferwiist er nei de slogan fan it festival: Dare to dream. Hy hjit it Eurovisie Songfestival fan herte welkom yn 2020.

En wa wit, komt de presintaasje fan it festival dan wol yn hannen fan de Fryske sjonger Tim Douwsma. Songfestivalfan Jon wol dêr wol in petysje foar ha, skriuwt er op Twitter ta fermaak fan Douwsma.

(advertinsje)
(advertinsje)