Camper giet yn flammen op yn Drachten

In útslaande brân hat sneontenacht in camper yn 'e jiske lein yn Drachten. De camper stie neist in wenning oan de Stasjonswei. It fjoer griep hurd om him hinne en de brânwacht sette alles op alles om foar te kommen dat de flammen oersloegen nei de wenning, in parkearre bus en in skuorre. Om't der mooglik gasflessen yn de camper stiene, hold de brânwacht rekkening mei eksploazjegefaar.
© Srfotografie
Uteinlik gie de camper ferlern en ek inkelde meters konifearehage. De wenning rûn lichte skea op. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.