FIDEO: Foar de lêste kear swinge op Rock 'n Roll yn Frjentsjer

18 maaie 2019 - 22:39

It Rock 'n Roll Festival yn Frjentsjer hâldt op. De organisaasje fan it festival kin gjin minsken fine dy't it stokje oernimme wolle. Dit jier is de tsiende edysje fan it festival op it Sjûkelân. Minsken kinne noch ien kear swinge op The Hillbilly Moonshiners en Hayfever.

Moandei is yn it telefyzjeprogramma HEA! in wiidweidich ferslach te sjen fan de lêste edysje fan it festival.

(Advertinsje)
(Advertinsje)