'Begjinners' oerklasse favoriten by iepening fierljepseizoen

It fierljepseizoen is yn Bûtenpost spektakulêr begûn. In debutant pakte de earste priis yn de topklasse. En de bêste froulju sprongen yn de twadde klasse.
© Martin de Jong
Debutant yn de topklasse Jan Teade Nauta fan Drylts ljepte de fierste sprong fan de dei. Mei 20.07 meter wie hy de iennige dy't oer de 20 meter gong. Dat is ek in persoanlik rekôr foar de earste-jiers senior, hy wie as junior nea fierder kaam as 19.97 m.
Regearjend Frysk kampioen Ysbrand Galama waard twadde, mei 19.91 meter, en de tredde priis gong nei Sytse Bokma mei 19.05 meter. De oare beide finalisten wienen Freark Kramer (18.75) en Bobby Zwaagman (18.18).
Thewis Hobma, dy't foarich jier besleat op te hâlden, wie der dochs wer by. Hy helle de finale net, en waard achtste fan de acht topklasseljeppers mei 16.92 meter. Topfavoryt Nard Brandsma (17.24) siet ek net yn de finale.
Fierljepseizoen iepene : winners manlju en froulju

Froulju falle bot ôf

By de froulju wie de titel foar Sigrid Bokma. Se is regearjend Frysk kampioen. Bokma kaam earst net fierder as 13.55. Yn de finale makke se dêr noch 14.14 fan. Se ljepte in stik minder fier as de bêste froulju út de twadde klasse, Marrit van der Wal (14.82) en Anna-Jet Leijenaar (14.62)
By de junioaren gong de winst ek nei de regearjend Frysk kampioen, Wietse Nauta helle 17.08 meter, yn de alderlêste sprong fan de wedstriid. De winner by de jonges siet dêr mar fiif sintimeter fanôf. Rutger Haanstra ljepte 17.03 meter.
Fan de famkes wie Femke Rispens de bêste. Se sprong 12.98 meter.
Woansdei 22 maaie is de twadde wedstriid fan it seizoen. Dy begjint om 19.00 oere yn Grypstsjerk.