Noppert komt yn Ingelân net fierder as achtste finale fan Players Championship

18 maaie 2019 - 22:10

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is by de fiiftjinde Players Championship fan de PDC strâne yn de achtste finale. De Ingelsman Glen Durrant wie mei 6-4 te sterk.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.com

Noppert is de nûmer 42 fan de wrâld. Hy sette goed útein yn The Barnsley Metrodome. Yn de earste ronde wie er mei 6-0 te sterk foar de nûmer 34 fan de wrâld Steve Lennon út Ierlân. De twadde ronde wie ek in maklike proai foar de Fryske darter. Arron Monk (nr. 75) sette hy mei 6-2 oan de kant.

De knapste oerwinning fan de dei behelle Noppert yn de tredde ronde. Dêryn wie er mei 6-3 te sterk foar in Australiër, de nûmer tsien fan de wrâldranglist Simon Whitlock.

Glen Durrant hat it kampioenskip sneon wûn. Snein stiet yn Barnsley it sechstjinde Players Championship fan it jier op it programma.

De Players Championships fan de PDC binne fliertoernoaien dy't wichtich binne om pleatsing foar de grutte telefyzjewedstriden ôf te twingen.

(advertinsje)
(advertinsje)