FIDEO: Fierljepster Marrit van der Wal wint by rentree yn twadde klasse

Fierljepster Marrit van der Wal fan It Heidenskip hat by har rentree sneontemiddei direkt in oerwinning behelle yn de twadde klasse. Yn Bûtenpost sprong se 14.82 meter.
Fierljepster Marrit van der Wal wint by rentree yn twadde klasse
Yn 2017 waard Van der Wal útroppen ta Fryske sporter fan it jier. Troch in sky-ûngelok yn 2018 stie se it ôfrûne seizoen net ien kear op de barte. Yn april 2018 krige sy in nije krúsbân yn 'e rjochterknibbel. "Ik bin bliid dat it allegear wer in bytsje fertroud fielt", seit se. "Ik moast der al even ynkomme, want je moat witte wêr't je de stok ha moatte. Mar ik bin hiel tefreden."
De twadde priis wie ek foar ien dy't lange tiid net op de skâns te sjen wie. Anna-Jet Leijenaar fan Snits ljepte acht jier lyn foar it lêst in wedstriid, mar sy wie it noch net ferleard. De 26-jierrige fierljepster sprong 14.62 meter.