Douwe Gerlof is yn Tel Aviv: "Duncan Laurence is gjin Topper"

18 maaie 2019 - 22:45

De Fryske sjongfestivalleafhawwer Douwe Gerlof Heeringa is foar it earst echt oanwêzich by de finale fan it Eurovisie Songfestival. "Ik fiel my krekt Alice yn Wûnderlân."

Duncan Laurence - Foto: ANP

Douwe Gerlof wie by de repetysje foar de sjuery. Dat gie hiel goed, seit er. "Minsken dy't der by binne, krije hieltyd wer pikefel as Duncan Laurence op it poadium stiet. Ik ek."

Hy jout Nederlân in goeie kâns om te winnen. "It soe samar kinne. Ik hoopje wol dat de minsken yn Europa de emoasje fan it ferske goed meikrije."

Op YouTube is Arcade fan Duncan Laurence yntusken sa'n 10 miljoen kear besjoen.

"Wat minsken thús net sjogge", seit Douwe Gerlof, "omdat der dan in filmke toand wurdt, is dat der tusken de optredens wol 30 man oan de gong binne om de setting fan de nije artyst del te setten."

"By Nederlân is dat frij minimalistysk. In piano, en in ljochtbal. Dan komt der in grutte keukentrep it poadium op, om dy bal op te hingjen. De lêste kear is dat goed gongen. Ik hoopje dat dat jûn ek sa giet."

Douwe Gerlof is yn Tel Aviv: "Ik ha it idee dat Duncan hiel lui is, it is gjin Topper"

Douwe Gerlof hat gjin persoanlik kontakt hân mei de Nederlânske ploech. "Dat slagget net. Hy wurdt hiel bot ôfskerme. Ik ha it idee dat se hiel lui binne, en dat is ek wol goed. It is in soarte fan topsport, dy't se leverje moatte."

"Duncan en syn team sitte in protte yn it hotel. Se rêste út. Se sliepe. En se oefenje allinne as it nedich is. It binne gjin Toppers, mei Gordon en sa, dy't alle feestjes ôf rûnen. No, ik ha hjir ek wol wat feestjes meimakke, en dat giet oant djip yn de nacht troch. Dat is net sa ferstannich, as je optrede moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)