Disc-golf-clinic moat Feansters waarm meitsje foar trendy nije sport

18 maaie 2019 - 19:00

It is in nije trend, je dogge it mei in frisbee, meastal yn in park, en yn Nederlân bestiet it noch mar in jier as trije. Disc-golf. Yn Hearrenfean komt der meikoarten in spesjale baan foar.

In disc-golfclinic op It Hearrenfean luts inkelde tsientallen leafhawwers - Foto: Omrop Fryslân

De nije disc-golf-baan komt yn it hûne-útlitgebiet yn it noardeasten fan Hearrenfean, flakby de McDonalds. Der binne noch mar in pear banen yn Nederlân, ûnder oare yn Grins en yn Hoogeveen. Op It Hearrenfean wie sneon in demonstraasje fan de nije sport.

Disc-golf komt út Amearika, mar is no Europa oan it feroverjen. Yn Finlân en Estlân is it in pear jier tiid in folkssport wurden en neffens guon sporters soe dat yn Nederlân ek kinne moatte.

"Ast meidwaan wolst oan de Nederlânske kompetysje, kostet dat 30 euro yn it jier"

"Oarspronklik bin ik in atleet", seit disc-golfer Rienk Kan, "mar doe't in maat my sa'n disc-golf frisbee joech wie ik ferkocht." By disc-golf wurdt, krekt as by golf, in parcours fan sa'n 18 holes ôflein, allinnich is de hole yn dit gefal in basket, dêr't de frisbee yn moat.

Grut bykommend foardiel is dat disc-golf gâns goedkeaper is as it klassike golf. "Mei in frisbee fan in tientsje kinne je al begjinne", seit Kan. "Foar it jild fan ien rûntsje golf, kinne je wol in jier oan disc-golf dwaan."

De wedstriidtas fan in disc-golfer - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
It Hearrenfean sport discgolf
(advertinsje)