Beitske Visser wint foar it earst 'Formule 1-wedstriid foar froulju' yn België

Beitske Visser fan Twellingea hat foar it earst in race wûn yn de W Series. Dy raceklasse wurdt sjoen as de Formule 1 foar froulju.
Beitske Visser © BMW Motorsport
Op it sirkwy yn it Belgyske Zolder starte Visser (24) as twadde. Noch foar de earste bocht koe se Jamie Chadwick ynhelje. Dat meldt de NOS.
De foarsprong waard hieltyd grutter. Twa kear kaam de safety-car op de baan, mar dêr hie Visser gjin lêst fan. Se liet it fjild fier achter har.
Yn de W Series ride de froulju yn identike auto's. Alle races wikselje se fan auto, en sels fan monteurs.
Visser stiet nei de winst yn België op it twadde plak yn it klassemint fan it WK. Chadwick hâldt de lieding, yn de earste wedstriid waard se earste. Visser waard doe fjirde.