Marco Postma ferlit UNIS Flyers nei jierren foar Geleen Eaters

18 maaie 2019 - 17:45

Marco Postma ferlit de UNIS Flyers en spilet folgjend seizoen foar de Geleen Eaters. De 35-jierrige iishockeyer spile 17 jier by de klup fan It Hearrenfean. Postma twivele oft er trochgean woe mei iishockey, mar doe't Geleen him melde, besleat hy dochs syn karriêre fuort te setten.

Marco Postma - Foto: www.orangepictures.nl

"Ik was toe aan een nieuwe uitdaging", ferklearret Postma. "Ik speel al zo lang bij Heerenveen, dat ik wel weer eens wat nieuws wilde. En ik vind de sport te leuk om er mee op te houden." Postma spile earder ek foar Nijmegen en Den Haag en koart yn Dútslân.

Neffens Peter Knops, teammanager fan Geleen, is it oanlûken fan Postma in flinke stap. "Marco is een van de beste spelers van de Nederlandse competitie. Dat wij hem binnenhalen, daar zijn wij erg trots op. Hij maakt andere spelers beter en scoort veel. Met Postma gaan we volgend seizoen voor het pakken van prijzen."

UNIS Flyers ferlear ferline jier yn de finale fan de play-offs fan de BeNe-League fan Herentals. De Feansters einigen yn de kompetysje as earste, Geleen as tredde.

(advertinsje)