Iepenloftspul De Tynje: 'Wit jim mem it wol!'

18 maaie 2019 - 19:05

Wa is de heit fan Sophie? Yn it iepenloftspul 'Wit jim mem it wol!' fan De Tynje komme de trije kandidaten del. Sawol de jonge ferzje as de âldere. Op de muzyk fan ABBA swingt it op de Ulesprong de panne út.

Yn 'Wit jim mem it wol!' giet it oer Sophie, dy't op it punt stiet te trouwen en witte wol wa't har heit is. Se fynt yn it deiboek fan har mem, Donna, trije mooglike kandidaten en dy nûget se alle trije út foar har trouwerij. Der wurdt boarte mei de tiid. Want sa no en dan sjogge we Donna yn har jonge jierren mei de feinten dêr't se yn in skoftke mei skarrele hat.

Sophie siket har heit - Foto: Omrop Fryslân. Miranda Werkman

En dan wer sjogge we Donna mei har yntusken folwoeksen dochter Sophie yn it no. Mei de trije kandidaat-heiten dy't fansels ek âlder wurden binne. Op grappige wize wurdt mei fertellers wurke dy't de tiid sa no en dan stilsette, om it allegear efkes út te lizzen oan it publyk yn hokker tiid we sitte. En oars kinst Donna ek wol werkenne oan de túnbroek. Of de jonge Harry oan syn broek mei wide pipen.

Donna as mem fan Sophie, mar we sjogge har ek as jonge frou - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Jaap de Haan en Paul Siemensma spylje beiden Harry van Bruggen, ien fan de trije mooglike heiten. Jaap spilet de jonge ferzje ("make-up en klean dogge in soad", grapt er) en Paul de âldere ferzje. Hy komt derachter dat er homoseksueel is. "Is der net in oar wurd foar homo?", seit er yn syn coming-out want 'Harry' fynt it mar dreech om it wurd te brûken.

Fan inoar leare

Mar, om it noch mar wat yngewikkelder te meitsjen; yn it echte libben is Jaap homoseksueel en Paul net. Jaap hat Paul wol tips jaan kinnen oer hoe't er dit spylje kin sûnder dat it tefolle is. Sa leare se fan mekoar.

Jaap besiket ek de manier fan stean, mei de hannen yn de side, fan Paul oer te nimmen yn syn aktearjen. Om der safolle mooglik ien karakter fan te meitsjen.

Paul fynt dat hy wol wat losser dûnsje kin. De iennige man dy't dat goed kin, is neffens Paul Jaap. Dy laket. Mar Paul leert Jaap wer hoe't er muzyk meitsje kin. Paul is fan hûs út muzikant en it personaazje Harry is singer/songwriter. Ja, konkludearje se, se leare in soad fan inoar. Machtich moai fine se dat.

In minsk mei wêze wat er yn wêzen al is.

Ut 'Wit jim mem it wol!'

Regisseur Jelmar Hoekstra beseft har ynienen dat se eins altyd wol sa wat yn har stikken ferwurket, lykas no de coming-out. "Beneam it mar gewoan wat der oan de hân is, homoseksualiteit of wat dan ek mar. Ik wol der ek net de klam op lizze, gewoan, it komt efkes del." Se wol gjin moraalridder wêze. Want it is foaral in leuke jûn foar it publyk. Mar dochs, sa'n sin 'in minsk mei wêze wat er yn wêzen al is', bliuwt wol hingjen. Op dy sin is se sels ek wol grutsk.

(advertinsje)
(advertinsje)