It bliuwt ûnwis oft Bûtenpost yn de haadklasse bliuwt nei ferlies tsjin Urk

18 maaie 2019 - 18:30

De fuotballers fan VV Bûtenpost ha foar takom jier it plak yn de haadklasse noch net feilich steld. De Friezen ha de lêste thúswedstriid fan it earste seizoen yn dy klasse ferlern. Tsjin SV Urk waard it 2-0.

Foto: www.orange-pictures.nl

Nei de nederlaach tsjin Urk stiet Bûtenpost no op it tolfde plak. As dat sa bliuwt, bliuwe de 'Blaukes' yn de haadklasse. Wa't trettjinde of fjirtjinde stiet, spilet yn de neikompetysje. En de nûmers 15 en 16 degradearje.

Dat Bûtenpost no noch tolfde stiet, komt omdat de direkte konkurrinten sneon ek ferlearen. De konkurrinsje stiet op twa punten achterstân. De lêste wedstriid is nije wike dus beslissend.

Op sportpark De Swadde kamen sneon de beide doelpunten op namme fan in Snoek. Yn de earste helte skoarde Hessel Snoek de iepeningstreffer foar Urk. En yn de twadde helte makke Marinus Snoek de 2-0. Fanôf de cornerflagge skopte hy de bal yn ien kear yn de goal.

Bûtenpost nimt nei dit seizoen ôfskied fan Pieter Henstra, Marvin Heidstra, Jochum Bouma, en Dorjan Berisha. En it wie ek de lêste thúswedstriid fan trainer René van der Weij by VV Bûtenpost.

Middenfjilder Berend Schootstra makke syn rentree by Bûtenpost. Hy hie der in skoft út west, nei in blessuere oan it ankel. "Ik ben blij dat ik er weer was."

It wie gjin spannende wedstriid, seit Schootstra. "Ik denk dat zij verdiend hebben gewonnen."

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)