Harkemase Boys hurd ûnderút tsjin Eemdijk

De fuotballers fan de Harkemase Boys binne hurd ûnderút gien tsjin tredde-difyzjonist Eemdijk. Yn Eemdijk waard it 4-1.
© www.orange-pictures.nl
Al nei fjouwer minuten kamen de Friezen op achterstân. Yannick Bouw skoarde de iepeningstreffer foar Eemdijk. En nei in lyts healoere kaam de thúsploech op in 2-0 foarsprong troch in hurd skot fan Renco van Eeken, dat fia de peal yn de goal bedarre.
Yn de twadde helte seach it der nei út dat de kânsen kearden. Yn de 46ste minút kamen de Friezen werom yn de wedstriid troch in doelpunt fan Johnny de Vries. It soe it iennige Fryske doelpunt bliuwe.
De ferdigening fan de Harkemase Boys stie net goed, en Eemdijk profitearre dêrfan. Yn de 62ste minút makke David van de Groep de 3-1, en twa minuten letter skoarde Eemdijk opnij. Jeffrey van den Dikkenberg makke de 4-1. Dat soe ek de einstân wurde.