ONS Snits kin op eigen fjild amateurs út Ermelo net de baas

ONS Snits hat de thúswedstriid tsjin DVS '33 út Ermelo ferlern mei 3-1. It wie in wedstriid dy't foar ONS eins nergens mear oer gie. ONS wie al feilich.
Keeper Barry Ditewig fan ONS Snits © www.orange-pictures.com
It earste doelpunt fan de wedstriid waard yn de sânde minút makke troch Benjamin Roemeon fan DVS. It wie it iennige doelpunt fan de earste helte.
Yn de twadde helte ferdûbele oanfierder Roald de Vries de foarsprong fan DVS. Nei 51 minuten skoarde hy de 2-0. Tweintich minuten foar de ein makke Yumé Ramos noch wol de de oanslutingstreffer foar Snits, mar de Friezen kamen net echt werom yn de wedstriid.
Yn de lêste minút bepaalde Daniël van Warven fan DVS de einstân op 3-1.