Afke Boven wie 'steunpilaar' foar Glennis Grace by songfestival yn Kiev

18 maaie 2019 - 22:40

Presintatrise Afke Boven sjocht mei belangstelling út nei de finale fan it Eurovisie Songfestival. Yn 2005 wie se yn Kiev, as PR-meiwurkster fan sjongeres Glennis Grace. "It wie echt in gekkehûs."

Glennis Grace yn Kiev - Foto: ANP

"Ik die de PR fan Glennis Grace, en dêrom wie ik mei har mei nei Kiev", seit Afke. "De TROS hie doe hast de folsleine organisaasje yn hannen, en safolle hie ik dus net te dwaan, mar ik koe wol fernimme dat Glennis der stipe oan hie dat der ien fan har eigen team mei wie."

"We gongen fan it iene feestje nei it oare. It wie in snoepreiske. Mar de parse woe alle dagen wol wat fan har ha. Se waard echt leefd."

Glennis Grace die mei mei it nûmer My Impossible Dream.

Nederlân kaam yn 2005 net fierder as de heale finale. Dat wie soer, seit Afke. "Echt, ik ha der siik fan west. Ik siet te janken." Offisjeel moast se bliuwe oant nei de finale. Mar se is earder nei hûs ta gong. "Ik wie der klear mei."

Afke Boven wie mei Glennis Grace op it songfestival yn Kiev

Sneontejûn stiet Duncan Laurence foar Nederlân yn de finale fan it songfestival. Afke sit foar de telefyzje. "Duncan die it yn de heale finale hiel goed. Dat heardest ek oan it publyk, elkenien koe meisjonge. Ik ferwachtsje der in hiele protte fan. En dat ha ik eins noch noait sein."

(Advertinsje)
(Advertinsje)