Soad rommel fan MSC Zoe opromme op sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach

20 maaie 2019 - 06:42

Op in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach is dit wykein in protte guod opromme dat oanspield is nei de kontenerramp fan begjin dit jier. Dat fertelt Nienke Dijkstra fan de aksje 'Doe eens Wad'. Se hie de troep koartlyn ûntdutsen en sette in opromaksje op tou. "We hebben een bigbag vol met troep verzameld", fertelt Dijkstra.

Kontenertroep op it Rif - Foto: Doe Eens Wad

It gong ûnder oare om printplaten en kuolkastûnderdielen, dy't foar de helte ûnder it sân bedobbe wiene. Se leine op de sânplaat It Rif. It Rif is in kwetsber gebiet, dêr't normaalwei in soad fûgels en seehûnen binne. It is net altyd tagonklik. Mei leech wetter meie je der wol komme.

Freed, sneon en snein gong Dijkstra mei frijwilligers nei de sânplaat om it guod op te romjen. "De zeehonden kunnen nu veel minder goed de plaat op, want er liggen allemaal printplaten en frontjes van vriezers," fertelde Dijkstra sneontemiddei. "Het is niet prettig om daar met je buik overheen te schuren."

De opromaksjes waarden koördinearre troch Rykswettersteat, mar dy organisaasje hat Dijkstra gjin opdracht jûn foar it skjinmeitsjen. Se die it op eigen manneboet. "Het is niet verstandig om er met groot materieel heen te gaan, maar wij doen het kleinschalig", fertelde se sneon.

Nienke Dijkstra: "We hebben al 200 printplaten uit het water gehaald, maar er ligt nog veel meer"

Trije dagen waard der opromme. "Zaterdag hadden we een kuubzak helemaal nokkienokkievol", fertelt Dijkstra. "Heel veel frontjes van vriezers en koelkasten en printplaten. Waaiertjes, propellertjes, stripjes van led-lampen, bolletjes waar led-lampjes in kunnen en heel veel verpakkingsmateriaal", somt se de rispinge op.

Dijkstra wie ûnder de yndruk fan alle rommel. "Het is ongelooflijk hoeveel troep er ligt. Het gaat je echt aan het hart. We hebben het gevoel dat we heel veel rommel hebben opgeruimd, maar tegelijkertijd weet je dat je maar een fractie van alle troep hebt opgeruimd uit de containers die tijdens de ramp overboord zijn geslagen."

Op in part fan it rif mochten de skjinmakkers net komme fanwege it briedseizoen. "Dat is ook alleen maar goed", fynt Dijkstra. "We hebben bewust gekozen voor een klein groepje, zodat we de broedvogels zo weinig mogelijk verstoorden." Se slút net út dat se ynkoarten mear fan dit soart opromaksjes op tou sette sil om rommel op te romjen. "Samen met beheerders kijk ik waar we aan de slag kunnen."

Nienke Dijkstra sjocht werop op de skjinmakaksje op it Waad

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)