FNP tsjinnet moasje yn oer minder Europeeske subsydzjes foar Fryslân

18 maaie 2019 - 14:33

Hoe kin it dat Fryslân folle minder subsydzjejild krijt út Europa? De FNP wol hjir dúdlikheid oer krije en tsjinnet woansdei in moasje yn op de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Foto: Shutterstock.com

Advysbureau ERAC hat ûndersyk dien yn de regio's op fersyk fan de NOS. Grinslanners profitearje it measte fan Europeeske subsydzjes. Omrekkene nei it tal ynwenners krigen Grinzer bedriuwen, skoallen en oerheden 1500 euro de persoan oan Europeeske subsydzjes takend. Dat is fjouwer kear mear as by Friezen.

"Wêr komt dat hiel grutte ferskil no wei?", freget Sybren Posthumus fan de FNP him ôf. "Wêrom hat bygelyks in provinsje as Grinslân safolle Europeeske subsydzjes en Fryslân safolle minder?" De FNP wol oer de oarsaken in analyze fan deputearre Sander de Rouwe.

Neffens Posthumus is it net hawwen fan in universiteit yn alle gefallen ien fan de oarsaken dat Grinslân mear Europeesk jild krijt as Fryslân. "Je sjogge dat alle provinsjes dêr't in universiteit is substansjeel mear krije as oare provinsjes."

Sybren Posthumus fan de FNP

Trefwurden: 
FNP subsydzje moasje Europa
(advertinsje)
(advertinsje)