Nije pryster Remco Hoogma: "Ik ben een man van de wereld"

"Ik ben een man van de wereld. Van daaruit heb ik voor het priesterschap gekozen", seit de 32-jierrige Remco Hoogma fan Sint-Nyk. Hy wurdt sneon yn de Grinzer Sint Jozefkathedraal ta pryster wijd.
Remco Hoogma © Omrop Fryslân, René Koster
Snein sil er yn de Sint Martinustsjerke fan Snits syn earste Hillige Mis opdrage. Dat wylst hy eins in hiele oare karriêre foar eagen hie: hy is ôfstudearre yn Technyske Bedriuwskunde en Ekonomy.
Wat brocht him ta it beslút foar it prysterskip te gean? Wat driuwt him yn it leauwen? Hoe sjocht hy syn taak en hat er ambysje om biskop of - wa wit - paus te wurden? Wat betsjut it selibaat foar him? En kinne je je noch thúsfiele yn in tsjerke dy't sa faak yn ferbân brocht wurdt mei misbrûk en ûnderdrukking?
Yn ús radioprogramma Buro de Vries snein in wiidweidich petear mei de nije pryster.
Remco Hoogma fan Sint-Nyk
De doarren fan Buro de Vries binne sneins oerdei iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns is it programma nochris te beharkjen om 21.00 oere.