Simke Kloostermanpriis útrikt foar berneboek 'Tomkes foarlêsfeest'

18 maaie 2019 - 11:04

It boek 'Tomkes foarlêsfeest' hat de trijejierlikse Simke Kloostermanpriis foar jeugdliteratuer wûn. De priis fan 5000 euro en in oarkonde is freed útrikt.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

It boek is skreaun troch Riemkje Pitstra en Auck Peanstra, mei tekeningen fan Luuk Klazenga. Auck Peanstra is yn 2016 ferstoarn, har man Frans Hoogland naam de priis freed yn ûntfangst.

Sjuerylid Gerbrich van der Meer sei dat de sjuery foaral de ienfâld fan de ferhalen wurdearret. "Ienfâld hat grutte krêft en dochs wurdt ienfâld maklik oer de holle sjoen." De sjuery neamt it ek knap dat de Tomkeferhalen yn it no spylje, dat it de belibbingswrâld fan bern tichteby bringt. "Om dat yn in pear wurden te dwaan, is kwaliteit", seit Van der Meer.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie by de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2019

(advertinsje)