Studinten Friesland College meitsje har op foar eigen jierlikse moadeshow

It is it hichtepunt foar studinten Mode en Design fan it Friesland College: de grutte jierlikse moadeshow. Yn de oanrin nei de show ta binne de kolleksjepresintaasjes. Foar it eineksamen hawwe 21 studinten dit jier klean makke binnen in tema. Der hearre ek in presintaasje, in fotoshoot en in ûndernimmingsplan by, en de organisaasje fan de moadeshow yn de Ljouwerter Harmonie.
Untwerpen fan Vera Miedema © Vera Miedema
Kreative opliedingen wurde net altyd serieus naam, fine se by it Friesland College. Mar de studinten fan de 4-jierrige oplieding Mode en Design komme der wol fierder mei, seit dosinte Catalina Koldijk. "Fan de studinten streamt 75 persint troch nei hbû-opliedingen, dy't goed oanslute op Mode en Design. Dat is best wol in soad."

Firtueel ûntwerpe

Dosinten ferwachtsje in protte fan in tekstylprinter en in ûntwerpprogramma dy't foar it kommend jier oanskaft wurde. Hjirmei kinne studinten tenei sels firtueel de hiele kolleksje meitsje en de stof kin op skoalle printe wurde yn stee fan by in bedriuw.
De grutte moadeshow is op 27 juny yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.
In studinte presintearret har ûntwerpen © Ronnie Porte
Ferslachjouwer Ronnie Porte spruts mei in pear studint-moadeûntwerpers