Kollum: "Songfestival"

18 maaie 2019 - 08:53

"Oer smaak falt net te twisten, sa seit it sprekwurd. Dy siswize kinne je naadleas tapasse op it Eurovisie Songfestival. Want wat de iene moai fynt, griist in oar fan. Der sitte alle kearen 200 miljoen minsken nei de finale te sjen, sa wurdt sein. Dat binne in hiele soad. Mar mei ik jim no even in gewetensfraach stelle? Hoefolle fan de winners fan it Songfestival kinne jim sûnder help fan Google opdreune? En noch belangriker, hoefolle fan de ferskes dy't se songen doe't se wûnen, ha jim noch skerp foar de geast?

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Ik ha de list mei winners der even by pakt en kaam net sa fier. De histoarje fan it hiele sirkus begjint al in moai skoft lyn, yn 1956. Nederlân wûn yn de begjintiid ek wol in kear as wat, mei Corry Brokken en Teddy Scholten. Mar de earste titel dy't echt hingjen bleaun is, moat dochs wol Puppet On A String fan Sandy Shaw wêze. Dy song dat yn 1967 en it wurdt noch altyd draaid.

Yn myn bertejier 1969 wienen der fjouwer winners, de bekendste is fansels Lenny Kuhr mei De Troubadour. Mar pas yn de jierren dêrnei kamen de echte Songfestival-klappers. Yn 1972 song de moaie Vicky Leandros har Après Toi de hitlisten yn, twa jier letter wie it ABBA dat op slach wrâldferneamd waard mei Waterloo. Dat wie de tiid dat der net folle oars wie as Nederlân dat de finale fan it WK fuotbal ferlear, dus wie in fleurich stikje muzyk tige wolkom.

Teach Inn die it in jier letter mei Ding-a-dong en The Brotherhood of Man folge de trend mei harren Save All Your Kisses For Me. Mei noch in pear wat lytsere hitsjes as Making Your Mind Up en Ein bißchen Frieden sakke it stadich fuort en folge de tiid dat de winners net mear de wrâld ferôveren mei de winnende nûmers. Johnny Logan syn What's Another Year sille in soad fan jim ek noch wol kenne, mar nammen as Eimear Quinn, Linda Martin en it Finske Lordi ha je letter net folle mear op de radio heard. Love Shine A Light fan de doe al ferneamde band Katrina & the Waves wie yn 1997 in útsûndering.

Dit jier is Israel it toaniel fan it spektakel. Dat komt omdat de winner fan ferline jier út Israel kaam. Witte jim noch wa't dat wie? Har namme is 10 punten wurdich, de titel fan it nûmer 'douze points'. Ik sil jim wat helpe, it wie dy dame dy't fan dy nuvere keakeljende lûden makke. Netta Barzilai song it nûmer Toy. Net in nûmer dat de Top 2000 helje sil, bin ik bang.

Mar nochris, oer muzyksmaak sille minsken it nea iens wurde. Nederlân docht de lêste jierren harren bêst om mei ambachtlike nûmers wer ris te winnen. Eins fûn ik Birds fan Anouk ien fan de moaiste nûmers fan de lêste jierren. Miskien wol te moai foar it Songfestival. Mar oaren fûnen it wer bagger. Sa bliuwe je dus dwaande. Neffens de bookmakers makket Nederlân dizze kear in grutte kâns om te winnen.

Ilse de Lange har Common Linnets kaam yn 2014 al hiel tichtby, mar doe wie der samar dy frou mei in burd, witte jim noch? Neffens in soad minsken hie Conchita Wurst har earste plak foar in grut part oan har 'looks' te tankjen. Dit jier docht Nederlân it mei Duncan Laurence syn Arcade. Ik fyn allinnich de tekst al moai genôch foar de 'douze points'. Loving You Is A Losing Game, foar Nederlân al 44 jier fan tapassing op it Songfestival. Jûn dan mar wer ris winne?"

(advertinsje)