Kliïnten Talant meitsje foar de njoggende kear toertocht troch Fryslân

18 maaie 2019 - 07:39

Kliïnten fan soarchorganisaasje Talant meitsje sneon in toertocht troch Fryslân. Dat dogge se oan board fan auto's fan Omrin, de plysje en de brânwacht. It is foar de njoggende kear dat de tocht organisearre wurdt.

De stoet fan sa'n 100 auto's set om tsien oere ôf op It Hearrenfean. Nei in rit lâns ûnder oare Donkerbroek, Appelskea, De Gordyk en Akkrum wurde se om in oere as fjouwer ferwachte by de einstreek by it haadkantoar fan Omrin yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Omrin toertocht Talant
(Advertinsje)
(Advertinsje)