Fernielingen en stellerij op it begraafplak Surhuzum

18 maaie 2019 - 07:03

Surhuzum hat te krijen mei fernielings en stellerij op it begraafplak. Dat meldt de pleatslike begraffenisferiening 'De Laatste Eer' yn in artikel op de doarpswebside. "Er is geconstateerd dat op onze begraafplaats op de graven van enkele overleden familieleden, bloemstukken, gedenkstukken enz. gestolen of beschadigd zijn."

Foto: ANP

Wa't ferantwurdlik is foar de fernielingen en stellerij is neffens de begraffenisferiening net dúdlik: "De vraag die vele mensen zich meer dan terecht stellen, is wie zich inlaat met dergelijke verwerpelijke handelingen. Volgens sommigen gaat het om kwajongensstreken. Hoe het ook zij, wij hebben de taak om deze zaken uitdrukkelijk ter harte te nemen en er alles aan te doen om dergelijke afkeurenswaardige praktijken te bestrijden."

De begraffenisferiening freget minsken dy't mear witte oer de fernielingen en stellerij, of dy't der ek slachtoffer fan binne, har te melden by ien fan de bestjoersleden fan de feriening. Ek wurdt frege om "met zijn allen waakzaam te zijn, zodat wij bepaalde maatregelen hopelijk niet behoeven uit te voeren". Oan hokker maatregels tocht wurdt, meldt it artikel net.

De begraffenisferiening wiist derop dat de fernielingen en stellerij foar neibesteanden psychologysk en mentaal hiel swier binne. "Het doorstaan van een rouw- en verwerkingsproces moet in alle rust kunnen gebeuren en beschadigingen aan de laatste rustplaats van geliefden zorgt dan ook voor een emotionele dreun bovenop het al aanwezige leed."

(advertinsje)
(advertinsje)