Dosinte Friesland College wint priis foar opdrachten oer rekkenjen

17 maaie 2019 - 22:44

In dosinte fan it Friesland College hat in lanlike priis wûn foar it bêste 'rekkenidee'. Anne Marleen Tigelaar, dosint oan de oplieding Toerisme fan de Middelbere Hotelskoalle Fryslân, hat materiaal betocht om rekkenûnderwiis te fertalen nei de praktyk.

It materiaal foar ien fan de troch Tigelaar betochte opdrachten - Foto: Anne Marleen Tigelaar / H5P

Tigelaar makket graach útdaagjende projekten dêr't de bern digitaal mei oan de slach kinne. Om't it studinten Toerisme binne, besjocht Tigelaar de opdrachten as it 'ûntwerpen fan in resort fan de takomst'. De studinten krije in plattegrûn en wurde dêrmei oan it wurk set. "Als de eerste opdracht is dat zat het allemaal op maat moeten maken, moeten ze uit de stoel en meten hoe breed een deur is", leit se út. Sa komme gearwurkje en mei faasje wurkje yn de opdrachten werom.

Leuker as gewoane rekkenopdrachten

Dat wurdt wurdearre, fernimt Tigelaar. "Voor de studenten is het veel leuker dan de gewone rekenopdrachten", seit se. "En ik vind het leuk om zo iets te maken, dus we hebben er allemaal plezier van."

Tigelaar krige de priis útrikt by de MBO Raad yn Woerden. Se mei no nei de ynternasjonale rekkenkonferinsje ALM yn it Sweedske Lund.

(advertinsje)
(advertinsje)