Grapke Rutte oer Buma: "Hé, zo kunnen we hem hier misschien wel houden"

17 maaie 2019 - 22:11

Minister-presidint Mark Rutte lokwinsket Sybrand Buma fan herte mei de foardracht as boargemaster fan Ljouwert, mar docht dat mei in dûbeld gefoel: "Want we zullen hem ontzettend missen." Dat sei Rutte op syn wyklikse parsekonferinsje yn Den Haag.

Neffens Rutte mei Ljouwert bliid wêze mei Buma as boargemaster. "Leeuwarden mag zich in alle opzichten gelukkig prijzen met zo'n burgemeester. Ik gun het hem. Hij heeft Friese wortels en de familietraditie. En hij heeft er ontzettend veel zin in."

De beneaming fan Buma as boargemaster is noch net definityf, realisearret Rutte him. "Het kabinet moet het nog wel officieel besluiten, dus het kan altijd nog misgaan. Maar meestal worden de voordrachten overgenomen." En dan grapket de premier: "Hé, dat is eigenlijk nog wel een idee. Om hem op die manier hier nog te houden."

Bumor

Ien fan de saken dy't Rutte oan Buma wurdearret is syn gefoel foar humor, ek wol 'bumor'. "Hij kan hilarisch geestig zijn. Dat is-ie ook wel eens op tv, dat komt er volgens mij goed uit. Ook in talkshows, daarin heeft-ie geniale momenten. Hij is iemand die zeer goed in staat is om met een goed geplaatste grap de relativering te benadrukken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)